thumb| Wapen fan Jellum It wapen fan Jellum is it wapen fan it doarp Jellum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 2001 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in reade boarch, iepene en ferlichte fan it fjild, steande op in steile griene terp, dy't opriist út de skyldfoet, de boarch oan wjerssiden beselskippe fan in griene klaver oan in tûkje; in skyldhaad, pealle fan 8 stikken, blau en sulver.
De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read), sinopel (grien), azuer (blau) en sulver.
Symbolyk Boarch op in terp: ferwiist nei de Hege Wier en nei de Mammemastate. Klaverblêd: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Burmania dy't de Mammemastate bewenne. Skyldfoet: oernommen út it wapen fan de famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, ek bewenners fan de Mammemastate.
Sjoch ek
Jellum Kategory:Jellum