thumb| Wapen fan Oentsjerk It wapen fan Oentsjerk is it wapen fan it doarp Oentsjerk, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 reigstrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn sulver in beam op in sweevjende greide, alles grien; kape fan read, oan alle kanten beladen mei de blom fan de wylde tulp fan goud, mei trije brede en trije smelle tsjelk-blêden.

De heraldyske kleuren binne: sulver, sinopel (grien), kiel (read) en goud.

Symbolyk Sulveren punt: ferwiist nei de oer fan de Marijetsjerke fan Oentsjerk en nei de bebouwing fan it doarp. Blommen fan wylde tulp: ferwize nei de 2 states fan it doarp: Staniastate en Heemstrastate. De wylde tulp is in stinzeplant dy't faak te finen is by in state.

Sjoch ek

Oentsjerk Kategory:Oentsjerk