thumb| Wapen fan Idaerd It wapen fan Idaerd is it wapen fan it doarp Idaerd, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1986 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Trochsnijd: I. yn sulver twa reade roazen; II. yn blau in sulveren swan dy't swimt, in reade snaffel en swarte knobbel.

De heraldyske kleuren binne: sulver, kiel (read), azuer (blau) en sabel (swart).

Symbolyk Roazen: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Scheltinga. Dizze famylje bewenne de Friesmastate by it doarp. Swan: oernommen út it wapen fan de famylje Friesma, de famylje dêr't de Friesmastate syn namme oan te tanken hat.

Sjoch ek

Idaerd Kategory:Idaerd