thumb| Wapen fan Sumar It wapen fan Sumar is it wapen fan it doarp Sumar, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn read trije rammekoppen fan sulver dy't jin oansjogge, pleatst 2-1; oer alles hinne in lofter frijkertier fan sulver, belein mei in reidplant mei trije pûsters, set op it gers, alles fan grien.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver en sinopel (grien).

Symbolyk Read fjild: symboal foar de eardere heide yn de omkriten fan it doarp. Rammekoppen: ferwize nei de eardere foar- en neijiersmerk yn Sumar foar skiep en lammen. Frijkertier: oernommen út it in kertier fan it wapen fan Tytsjerksteradiel.

Sjoch ek

Sumar Kategory:Sumar