Donald Arthur Piper (Peoria, 5 maart 1911 - Temple City, 25 maart 1963) wie in Amerikaanske basketballer.

Yn 1936 makke Piper diel út fan it Amerikaansk basketbalteam dat meidien hat oan de Olympyske Spullen yn Berlyn. By dit toernoai spile er twa wedstriden, en skoarde hy twa punten. Nei de Spullen gie Piper it bedriuwslibben yn. Donald Piper ferstoar op 25 maart 1963, yn 'e âldens fan 52 jier.

Kategory:Amerikaansk basketballer Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1963