Naoto Tajima (Iwakuni, 15 augustus 1912 - Dêre, 4 desimber 1990) wie in Japansk fierspringer en hink-stap-springer.
Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1932 en 1936). Hy waard yn 1936 ien kear Olympysk kampioen by it hink-stap-springen mei in wrâldrecôrd fan 16 meter. Tajima waard dêrmei boppedat de earste atleet fan 'e wrâld dy't de grins fan sechstjin meter oer sprong. By it fierspringen behelle hy mei 7.74 meter in brûnzen medalje.
Yn 1938 beëinige Tajima syn atletykkarriêre. Yn de jierren dêrnei wie er direkteur fan it Japanske sportbûn foar amateurs. Tajima's wrâldrekôr waard 15 jier letter yn 1951 mei ien sintimeter ferbettere troch de Braziliaan Adhemar da Silva. Naoto Tajima ferstoar op 4 desimber 1990, yn 'e âldens fan 78 jier.
Kategory:Japansk fierspringer Kategory:Japansk hink-stap-springer Kategory:Japansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1912 Kategory:Persoan stoarn yn 1990