John (Jack) Edward Lovelock (Crushington, 5 jannewaris 1910 - New York, 28 desimber 1949) wie in Nijseelânsk atleet.

Hy twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1932 en 1936). Hy waard ien kear Olympysk kampioen, yn 1936 op de 1500 meter yn in wrâldrekôrd fan 3:47.8.

Yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne er yn de rang fan majoar by it Royal Army Medical Corps. Hy boaske yn 1945 en krige twa dochters. Yn 1946 gie er oan it wurk yn it Manhattan Hospital yn New York.

John Lovelock ferstoar op 28 desimber 1949, yn 'e âldens fan 39 jier, ta gefolch fan in ûngelok mei in metro. Wylst er wachte op it metrostasjon Church Avenue Subway Waard er waard er dûzelich. Dêr hie er soms lêst fan sûnt er yn 1940 fan in hynder fallen wie. Lovelock foel op'e rails en waard deadlik troffen troch in kommende metro.

Kategory:Nijseelânsk atleet Kategory:Nijseelânsk Olympysk kampioen Kategory:Nijseelânsk ofsier Kategory:Nijseelânsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nijseelânsk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1949