thumb| Flagge fan Tsjom De flagge fan Tsjom is de flagge fan it doarp Tsjom, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn 2006 registrearre.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Yn fjouweren fan giel en grien op 1/3 flaggelingte fan de broekside; oer alles hinne in klaver mei in rjochte stâle, mei in hichte gelyk oan 2/3 flaggehichte, fan read yn it giel en fan wyt yn it grien.

De kleuren komme út it wapen fan Tsjom.

Symbolyk

Fjouwerdieling: ferwiist nei de opdieling fan de himrik fan Tsjom yn fjouweren. Griene fjilden: ferwize nei de greiden yn de omkriten fan it doarp. Klaverblêd: ferwiist nei de lânbou.

Sjoch ek

Tsjom Kategory:Tsjom