Richard William Wright (Londen, 28 july 1943 - 15 septimber 2008) wie in Ingelsk toetsenist. Hy is bekend as ien fan de oprjochters fan Pink Floyd
Karriêre Pink Floyd (1965-1979) Richard Wright wie yn 1965 ien fan de oprjochters fan Pink Floyd. Hy spile yn 'e earste jierren in wichtige rol en brocht ferskate nûmers yn yn it repertoire fan 'e band. Letter soe Wright him minder dwaande hâlde mei it skriuwen fan teksten, en him mear talizze op it skriuwen fan ynstrumintale nûmers. By de opnamen fan The Wall waard hy troch Roger Waters oan de kant set, it resultaat fan sawol groeiende ûnmin tusken Waters en Wright, en ek fan persoanlike problemen. Hy waard lykwols wol as sesjemuzikant ynhierd by de toernee dy't folge op it ferskinen fan The Wall. Mei hat Richard Wright offisjeel tsien studioalbums útbrocht.
Solo karriêre Syn earste soloprojekt wie it album Wet Dream yn 1978. Ek brocht er noch in tal albums út mei oare muzikanten ûnder oaren yn 1970 mei earder Pink Floyd sjonger Syd Barrett. Yn 1996 kaam syn twadde solo-album út hjirop wurke Wright gear mei Sinéad O'Connor. Solo hat Richard Wright twa studioalbums útbrocht.
Priveelibben Yn 1964 boaske Wright mei Juliette Gale sjongeres fan ien fan de bands dy't foarôf giene oan Pink Floyd hja giene yn 1982 by inoar wei. Nei Gale boaske Wright yn 1984 mei Franka dit houlik duorre oant't 1994. Yn 1995 gie er foar de tredde kear in houlik dis kear mei Mildred Hobbs it hâld stân oant 2007. Wright hat twa bêrn út de lêste twa houliken. Yn 2008 ferstoar Richard Wright op 65 jierrige leeftiid oan de gefolgen fan longkanker. thumb|right|250px|Richard Wright yn 2006. Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) The Piper at the Gates of Dawn4 augustus 1967Pink FloydFlamingA Saucerful of Secrets29 juny 1968Let There Be More LightUmmagumma7 novimber 1969Atom Heart Mother2 oktober 1970Barrett14 novimber 1970Syd BarrettMeddle5 novimber 1971Pink FloydOne of These DaysThe Dark Side of the Moon1 maart 1973Money,Us and ThemWish You Were Here12 septimber 1975Have a Cigar, Shine On You Crazy Diamond (Part I)Animals21 jannewaris 1977Wet Dream22 septimber 1978Richard WrightThe Wall30 novimber 1979Pink FloydAnother Brick in the Wall, Part 2,Run Like Hell,Comfortably NumbIdentity9 april 1984ZeeBroken China7 oktober 1996Richard Wright
Kategory:Pink Floyd Kategory:Ingelsk toetsenist Kategory:Ingelsk rockartyst Kategory:Persoan berne yn 1943 Kategory:Persoan stoarn yn 2008