Avine Fokkens-Kelder (Utert, 14 juny 1971) is in Frysk VVD-politikus út Ljouwert. Fan 2019 oant 2023 wie se deputearre foar de provinsje Fryslân en sûnt 1 oktober 2023 is se boargemaster fan It Hearrenfean.
Politike karriêre Fokkens kaam yn 2007 foar it earst yn de Provinsjale Steaten foar de VVD. Se wie yn dy perioade fise-fraksjefoarsitter. Nei fjouwer jier hold se dêrmei op, omdat it net te kombinearjen wie mei har libben njonken de polityk. By de ferkiezingen fan 2015 stie se dochs wer op de list. As twadde, efter Klaas Kielstra. De VVD kaam yn it kolleezje mei Kielstra as deputearre. Fokkens waard nei foaren skood as fraksjefoarsitter.
Fokkens as deputearre By de provinsjale ferkiezingen fan 2019 stie Fokkens opnij twadde op de VVD-list efter Kielstra. By Omrop Fryslân hie se al ferteld dat Kielstra net automatysk wer deputearre wurde soe, mocht de VVD yn it kolleezje komme.Fokkens op de ferkiezingsjûn yn 2019 by Omrop Fryslân
Dat die bliken yn april, in moanne nei de ferkiezingen,: de oare steateleden fan de VVD hiene mear fertrouwen yn Fokkens as deputearre. Kielstra naam har plak yn as fraksjefoarsitter yn de Steaten.VVD stemt Kielstra weg als gedeputeerde, op frieschdagblad.nl
As deputearre hat Fokkens ûnder oare ferkear en ferfier, romte, it Waad, de Ofslútdyk, de Fryske Akademy en Wetsus yn har portefúlje.
Se stie ek as nûmer 13 op de VVD-list foar de Earste Keamer. Se kaam net yn de Earste Keamer, want de VVD krige 12 sitten.
Boargemaster fan It Hearrenfean Op 29 juny 2023 waard Fokkens troch de gemeenteried fan It Hearrenfean foardroegen as nije boargemaster. Op 15 septimber dat jier waard se troch de ministerried foardroegen foar beneaming by keninklik beslút mei yngong fan 2 oktober dat jier. Op dy deis waard se ek oansteld. In har portefúlje krige se iepenbiere oarder & feiligens en bestjoerlike saken & koördinaasje. Njonken it boargemasterskip waard se lid fan de beswierekommisje fan 'e lanlike VVD.Aanbeveling nieuwe burgemeester Heerenveen, Gemeente It Hearrenfean, 29 juny 2023.Avine Fokkens foardroegen as nije boargemaster fan gemeente It Hearrenfean, Omrop Fryslân, 29 juny 2023.Avine Fokkens-Kelder door de commissaris van de Koning geïnstalleerd als burgemeester van Heerenveen, Groot Heerenveen, 2 oktober 2023.Avine Fokkens-Kelder, Gemeente It Hearrenfean, oproppen op 27 juny 2024.
Persoanlik libben Fokkens hat wurke by de rjochtbank yn Ljouwert en is mem fan fjouwer bern.
Sjoch ek List fan boargemasters fan It Hearrenfean
Keppelings om utens Avine Fokkens (VVD), profyl by de provinsje Fryslân
Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:VVD-politikus Kategory:Boargemaster fan It Hearrenfean Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk deputearre Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk liberaal Kategory:Persoan berne yn de 20e iuw