De einfûgels (Anatidae) binne in famylje yn it skift fan de goeseftigen (Anseriformes), mei dêryn de einen, guozzen, swannen en hast alle wetterfûgels dy't dêr op lykje.

Uterlik Einfûgels hawwe allegear in wat plotsich lichem en koarte poaten. De fûgels binne oanpast oan it swimmen, it driuwen op it wetter, en foar guon soarten ek oan it dûken yn ûndjip wetter. Einfûgels hawwe swimfluezen oan harren poaten, en hawwe platte snaffels. Se bringe in waakseftige stof oan op harren fearren, sa't wetter dêr net troch kringe kin.

Fersprieding Utsein op Antarktika komme einfûgels oeral op 'e wrâld foar. Ferskate einfûgels binne holden as sierfûgels, foar de aaien of it fleis, mar fral ek foar de fearren. Dêrtroch binne by guon soarten njonken in wylde ûndersoart ek ien as mear nuete ûndersoarten ûntstien.

Besibbens Ut DNA-ûndersyk docht bliken dat einfûgels net fier ôf stean fan 'e Neornithes, de mienskiplike âldfaar fan alle fûgels.

Wylst der gjin diskusje is oer hokfoar fûgels krekt ta de einfûgels rekkene wurde moatte, is der al in soad te dwaan oer hokfoar soarten krekt ta hokfoar skaaien hearre. Ek yndielings yn ûnderfamyljes kinne grutter ferskillen hawwe. De neikommende list is dêrmei mar ien mooglike yndieling yn skaaien; oare ynsichten kinne ta oare risseltaten liede.

Klassifikaasje famylje einfûgels (Anatidae) incertae sedis skaai dwercheinen (Nettapus) - 3 soarten: Afrikaanske dwerchein (Nettapus auritus) griene dwerchein (Nettapus pulchellus) Koromandelein of Yndyske dwerchein (Nettapus coromandelianus) skaai Kauaïmolguozzen (Talpanas) - 1 soarte, útstoarn: Kauaïmolgoes (Talpanas lippa) † skaai ringtsjillings (Callonetta) - 1 soarte: ringtsjilling (Callonetta leucophrys) ûnderfamylje aapgoesfûgels (Stictonettinae) skaai aapeinen (Stictonetta) - 1 soarte: aapein (Stictonetta naevosa) ûnderfamylje healgoesfûgels (Tadorninae) incertae sedis skaai blauwe einen (Hymenolaimus) - 1 soarte: blauwe ein (Hymenolaimus malacorhynchos) skaai blauwjukguozzen (Cyanochen) - 1 soarte: blauwjukgoes (Cyanochen cyanoptera) skaai boateinen (Tachyeres) - 4 soarten: Falklânboatein (Tachyeres brachypterus) fleanende boatein (Tachyeres patachonicus) reuzeboatein (Tachyeres pteneres) wytkopboatein (Tachyeres leucocephalus) skaai kaameinen (Sarkidiornis) - 2 soarten: Amerikaanske kaamein (Sarkidiornis sylvicola) kaamein of gewoane knobbelein (Sarkidiornis melanotos) skaai leppelbekeinen (Malacorhynchus) - 2 soarten wêrfan 1 útstoarn: leppelbekein (Malacorhynchus membranaceus) scarlett-ein of Scarletts ein (Malacorhynchus scarletti) † skaai grutte Madagaskarguozzen (Centrornis) - 1 soarte, útstoarn: grutte Madagaskargoes (Centrornis majori) † skaai Salvadori-einen of Salvador's einen (Salvadorina) - 1 soarte: Salvadori-ein of Salvadori's ein (Salvadorina waigiuensis) tûke healguozzen (Tadornini) skaai bercheinen (Tadorna) - 6 soarten wêrfan 1 mooglik útstoarn: Australyske berchein (Tadorna tadornoides) berchein (Tadorna tadorna) Kaapske kasarka of griiskopkasarka (Tadorna cana) kasarka (Tadorna ferruginea) paradyskasarka (Tadorna variegata) toefkasarka (Tadorna cristata) †? skaai foksguozzen (Alopochen) - 4 soarten wêrfan 3 útstoarn: lytse Madagaskargoes (Alopochen sirabensis) † Mauritsiusgoes (Alopochen mauritiana) † Nylgoes (Alopochen aegyptiaca) Reüniongoes (Alopochen kervazoi) † skaai radja-einen (Radjah) - 1 soarte: radja-ein (Radjah radjah) tûke riviereinfûgels (Merganettini) skaai riviereinen (Merganetta) - 1 soarte: rivierein (Merganetta armata) tûke Súdamerikaanske goesfûgels (Chloephagini) skaai Orinokoguozzen (Neochen) - 4 soarten wêrfan 3 útstoarn: Orinokogoes (Neochen jubata) skaai Súdamerikaanske guozzen (Chloephaga) - 5 soarten: Andesgoes (Chloephaga melanoptera) griiskopgoes (Chloephaga poliocephala) kelpgoes (Chloephaga hybrida) Magellangoes (Chloephaga picta) readkopgoes (Chloephaga rubidiceps) ûnderfamylje echte einfûgels (Anatinae) incertae sedis skaai Andeseinen (Lophonetta) - 1 soarte: Andesein (Lophonetta specularioides) skaai brûnswjukeinen (Speculanas) - 1 soarte: brûnswjukein (Speculanas specularis) skaai kwabeinen of Australazyske muskuseinen (Biziura) - 2 soarten wêrfan 1 útstoarn: Australyske muskusein of Australyske muskusein (Biziura lobata) Nijseelânske muskusein of Nijseelânske muskusein (Biziura delautouri) † tûke echte einen (Anatini) skaai Amazônetsjillings (Amazonetta) - 1 soarte: Amazônetsjilling (Amazonetta brasiliensis) skaai boskeinen (Aix) - 2 soarten: Karolina-ein (Aix sponsa) mandarynein (Aix galericulata) skaai dûkguozzen (Chendytes) - 1 soarte, útstoarn: dûkgoes (Chendytes lawi) † skaai einen (Anas) - 35 soarten wêrfan 4 útstoarn, wêrûnder: Afrikaanske swarte ein of bûnte ein (Anas sparsa) Amerikaanske piiptsjilling (Anas carolinensis) Bahamapylksturt (Anas bahamensis) Chathamein (Anas chathamica, foarh. yn monotypysk skaai Pachyanas) † gielsnaffelein (Anas undulata) Hawaï-ein (Anas wyvilliana) Kaapske tsjilling (Anas capensis) Laysanein (Anas laysanensis) Marianenein (Anas oustaleti) † Meksikaanske ein (Anas diazi) piiptsjilling (Anas crecca) pylksturt (Anas acuta) readsnaffelpylksturt (Anas erythrorhyncha) Sineeske gielpuntsnaffelein (Anas zonorhyncha) Yndyske gielpuntsnaffelein ((Anas poecilorhyncha) spikkelbûnte ein (Anas fulvigula) Súdamerikaanske pylksturt (Anas georgica) súdlike pylksturt (Anas eatoni) Amerikaanske swarte ein (Anas rubripes) wylde ein (Anas platyrhynchos) nuete ein (Anas platyrhynchos domesticus) wynbrau-ein (Anas superciliosa) skaai hartlaubeinen of Hartlaubs einen (Pteronetta) - 1 soarte: hartlaubein of Hartlaubs ein (Pteronetta hartlaubii) skaai moanneguozzen of moanjesguozzen (Chenonetta) - 2 soarten wêrfan 1 útstoarn: Finschein of Nijseelânske moannegoes (Chenonetta finschi) † moannegoes of moanjesgoes (Chenonetta jubata) skaai muskuseinen (Cairina) - 1 soarte: muskusein (Cairina moschata) skaai Sibearyske tsjillings (Sibirionetta) - 1 soarte: Sibearyske tsjilling (Sibirionetta formosa) smjunten (Mareca) - 6 soarten, wêrfan 1 útstoarn: Amerikaanske smjunt (Mareca americana) eastein (Mareca strepera) grienkopein (Mareca falcata) Amsterdamsmjunt of Nij-Amsterdamsmjunt (Mareca marecula) smjunt (Mareca penelope) Sileenske smjunt of súdlike smjunt (Mareca sibilatrix) skaai slobeinen, ek slobben of tsjillings (Spatula) - 10 soarten: Australyske slob of Australyske slobein (Spatula rhynchotis) blauwjuktsjilling (Spatula discors) Hottentottsjilling (Spatula hottentota) Kaapske slob of Kaapske slobein (Spatula smithii) kanieltsjilling (Spatula cyanoptera) Pûnatsjilling (Spatula puna) reade slob of reade slobein (Spatula platalea) skiertsjilling (Spatula querquedula) slob, slobein of wetterslob (Spatula clypeata) sulvertsjilling (Spatula versicolor) skaai wytwjukboskeinen (Asarcornis) - 1 soarte: wytwjukboskein (Asarcornis scutulata) tûke moä-nalo's (Thambetochenini) - útstoarn skaai skylpodkaakmoä-nalo's of Kauaïguozzen (Chelychelynechen) - 1 soarte, útstoarn: skyldpodkaakmoä-nalo of Kauaïgoes (Chelychelynechen quassus) † skaai lytssnaffelmoä-nalo's (Ptaiochen) - 1 soarte, útstoarn: lytssnaffelmoä-nalo (Ptaiochen pau) † skaai grutsnaffelmoä-nalo's (Thambetochen) - 2 soarten, útstoarn: Mauimoä-nalo (Thambetochen chauliodous) † Oähûmoä-nalo (Thambetochen xanion) † tûke seachbekfûgels (Mergini) incertae sedis skaai Japanske seachbekken (Shiriyanetta) - 1 soarte, útstoarn: Japanske seachbek (Shiriyanetta hasegawai) † ûndertûke echte seachbekfûgels (Mergina) skaai rinkeleinen (Bucephala) - 8 soarten wêrfan 5 útstoarn, wêrûnder: buffelkopein (Bucephala albeola) rinkelein (Bucephala clangula) Yslânske rinkelein (Bucephala islandica) skaai kapeseachbekken (Lophodytes) - 1 soarte: kapeseachbek (Lophodytes cucullatus) skaai lytse seachbekken (Mergellus) - 2 soarten wêrfan 1 útstoarn, wêrûnder: lytse seachbek (Mergellus albellus) skaai seachbekken (Mergus) - 8 soarten wêrfan 3 útstoarn, wêrûnder: Brazyljaanske seachbek (Mergus octosetaceus) bûnte seachbek (Mergus serrator) Chathamseachbek (Mergus milleneri) † grutte seachbek (Mergus merganser) Nijseelânske seachbek of Aucklandseachbek (Mergus australis) † Sineeske seachbek (Mergus squamatus) skaai see-einen (Melanitta) - 6 soarten: Amerikaanske see-ein (Melanitta americana) brilsee-ein (Melanitta perspicillata) grutte see-ein (Melanitta fusca) Sibearyske see-ein of Aziatyske grutte see-ein (Melanitta stejnegeri) swarte see-ein (Melanitta nigra) wytwjuksee-ein of Amerikaanske grutte see-ein (Melanitta deglandi) ûndertûke harlekyneinfûgels (Histrionicina) skaai harlekyneinen (Histrionicus) - 2 soarten wêrfan 1 útstoarn, wêrûnder: harlekynein (Histrionicus histrionicus) ûndertûke iiseinfûgels (Clangulina) skaai iiseinen (Clangula) - 1 soarte: iisein (Clangula hyemalis) ûndertûke eiderfûgels (Somaterina) skaai eiders (Somateria) - 3 soarten: brileider (Somateria fischeri) eider (Somateria mollissima) keningseider (Somateria spectabilis) skaai Labradoreinen (Camptorhynchus) - 1 soarte, útstoarn: Labradorein (Camptorhynchus labradorius) † skaai steller's eiders of Stellers eiders (Polysticta) - 1 soarte: steller's eiders of Stellers eider (Polysticta stelleri) tûke stikelsturtfûgels (Oxyurini) skaai koekútseinen (Heteronetta) - 1 soarte: koekútsein of koekoeksein (Heteronetta atricapilla) skaai maskerstikelsturten of maskereinen (Nomonyx) - 1 soarte: maskerstikelsturt of maskerein (Nomonyx dominicus) skaai stikelsturten (Oxyura) - 7 soarten wêrfan 1 útstoarn: Andesstikelsturt (Oxyura ferruginea) Afrikaanske stikelsturt (Oxyura maccoa) Amerikaanske stikelsturt (Oxyura jamaicensis) Argentynske stikelsturt (Oxyura vittata) Australyske stikelsturt (Oxyura australis) Nijseelânske stikelsturt (Oxyura vantetsi) wytkopein (Oxyura leucocephala) ûnderfamylje fluiteinfûgels (Dendrocygninae) skaai fluiteinen (Dendrocygna) - 8 soarten: Australyske fluitein (Dendrocygna eytoni) Bûnte fluitein (Dendrocygna guttata) Giele fluitein (Dendrocygna bicolor) Yndyske fluitein (Dendrocygna javanica) Kubaanske fluitein (Dendrocygna arborea) swalkjende fluitein (Dendrocygna arcuata) swartbúkfluitein (Dendrocygna autumnalis) wytwangfluitein (Dendrocygna viduata) skaai wytrêcheinen (Thalassornis) - 1 soarte: wytrêchein (Thalassornis leuconotus) ûnderfamylje jollingfûgels (Aythyinae) skaai jollings (Aythya) - 12 soarten: brune dûkein (Aythya nyroca) Madagaskardûkein (Aythya innotata) Amoerdûkein (Aythya baeri) Australyske dûkein (Aythya australis) grutte karein (Aythya valisineria) jolling (Aythya marila) karein (Aythya ferina) lytse jolling (Aythya affinis) Nijseelânske jolling (Aythya novaeseelandiae) readkopein (Aythya americana) ringsnaffelein (Aythya collaris) toefein (Aythya fuligula) skaai kroaneinen of readkopeinen (Netta) - 3 soarten: kroanein (Netta rufina) Peposaka-ein (Netta erythrophthalma) brune kroanein (Netta erythrophthalma) skaai rôskopeinen (Rhodonessa) - 1 soarte: rôskopein (Rhodonessa caryophyllacea) skaai moarmereinen (Marmaroretta) - 1 soarte: moarmerein (Marmaronetta angustirostris) ûnderfamylje spoarwjukgoesfûgels (Plectropterinae) skaai spoarwjukguozzen (Plectropterus) - 1 soarte: spoarwjukgoes (Plectropterus gambensis ) ûnderfamylje swannen en guozzen (Anserinae) tûke echte goesfûgels (Anserini) skaai guozzen of gies (Anser, ynkl. it eardere skaai Chen) - 11 soarten: blaupoatsje (Anser brachyrhynchus) blesgoes (Anser albifrons) goudeachje (Anser erythropus) Yndyske goes (Anser indicus) keizergoes (Anser canagicus) lytse sniegoes, rossgoes of Ross' goes (Anser rossii) skiere goes (Anser anser) nuete goes (Anser anser domesticus) sniegoes (Anser caerulescens) swangoes (Anser cygnoides) nuete Sineeske goes (Anser cygnoides domesticus) taigawink (Anser fabalis) toendrawink (Anser serrirostris) skaai seeguozzen (Branta) - 8 soarten wêrfan 2 útstoarn: Hawaïgoes of néné (Branta sandvicensis) Hawaïreuzegoes (Branta rhuax) † Kanadeeske goes (Branta canadensis) lytse Kanadeeske goes (Branta hutchinsii) paugoes (Branta leucopsis) readboarstgoes (Branta ruficollis)